Spulwike

Op syk nei nije lieders!

Wy binne noch drok op syk nei nije lieders foar 2019 yn Easterlittens. Fynsto it machtig om mei bern om te gean, bist net bang foar blauwe drek, ferve en wat aktiviteit? Dan binne wy op syk nei dy! By Spulwike binne de bern it allerwichtigst, mar der is natuerlik in grutte groep jongerein dy’t dit elts jier wer mooglik makket.

Dizze jongerein binne goud wurch, mar sommigen wurde ynmiddels al wat âlder en om de takomst fan Spulwike goed troch te jaan oan de folgjende generaasje binne wy derom op syk nei nije lieders. Kinst al meidwaan fanôf 18 jier! Wy soargje der mei elkoar foar dat ek alle lieders in machtige Spulwike hawwe. Der binne net foar neat in soad lieders dy’t san 10 jier meidogge!

Hasto noch gjin plannen foar 13 oant en mei 20 juli, dan heare wy graach fan dy! Foar fragen en opjefte kinst in mailtsje stjoere nei Age Scheper fia: easterlittens@spulwike.frl.

Marlou de Jong • 17 juni 2019


Previous Post

Next Post

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
Facebook
Facebook
YouTube
YouTube
Instagram