Spulwike

Spulwike 2020 giet net troch!

Leave bêrn, lieders, frijwilligers, stipers, freonen en âlders,

Holle bolle tsjing!! En doe wie het stil, foarlopich even gjin tsjinge tsjinge boem.

Want út de parsekonferinsje fan ôfrûne tiisdei blykt dat fergunningplichtige eveneminten oant 1 septimber net trochgean kinne. Oansjoen Spulwike dêr ek ûnder falt, jildt dat spitigernôch ek foar ús. Dat betsjut dat wy dit jier gjin Spulwike hawwe kinne sa as oare jierren. Wy sille ús de kommende tiid tariede op wat dit foar ús betsjut en/of wat der miskyn wol mooglik is. Sadra’t wy hjir dúdlikhyd oer hawwe, sille we dit mei jim diele. #hollebollejammerdebammer #spulwikegat

Mochten der fragen wêze, dan kinst kontakt opnimme mei ien fan ús stichtingleden.

admin • 22 april 2020


Previous Post

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
Facebook
Facebook
YouTube
YouTube
Instagram