Spulwike

Spulwike Fakatures 2021

(Voor Nederlands scroll naar beneden)

Wy binne foar de organisaasje fan Spulwike op syk nei fersterking foar de kommende jierren! Fynst it te gek om te wurkjen mei bern, hâldst fan kommunikaasje en organisearje? Dan binne wy op syk nei dy!

Der binne meardere fakatueres, dy eventueel ek te kombinearje binne.
Wy sykje ynfolling foar dizze funksjes: in Sekretaris, in Koördinator Mediateam en meardere leden fan it mediateam. Mear ynfo oer de funksjes fynst hjirûnder op de webside.

Wisto minsken dy’t geskikt binne foar ien as meardere funksjes, help ús troch dit berjocht te dielen!

Fakature: Bestjoerslid – Sekretaris
Stichting Spulwike Littenseradiel
De leukste berne-aktiviteitenwike fan Fryslân is op syk nei in nije sekretaris! Fiensto it leuk om fan alles te regeljen? Wolsto it earste oansprekpunt foar âlders en skoallen wêze en einferantwurdelikhyd nimme foar alle kommunikaasje fia Social Media, Webside, kranten en tillefyzje? Dan sykje wy dy!

Wat hâldt it yn?
Dyn wichtichste taak is der foar te soargjen dat de bern har opjaan foar Spulwike. Do makkest de útnoegingsbrieven foar de bern, hâldst de oanmeldingen by en as Spulwike begjint en soargest foar in folledige oerdracht nei de doarpen. Ek kinst fragen krije fan âlders. It measte wurk sit yn in goede foarbereiding mar yn de wike sels is der ek genôch te dwaan: Tink oan sosjale media kanalen en de webside byhâlde, fotografere, ensfh. Bist ek ferantwurdelik foar de einredaksje fan de ienige echte Spulwikekrante dy’t nei de tiid útkomt.

Yn de stichting binne ferskatene grutte en lytse taken dy’t it bestjoer mei elkoar oppakt. Tink oan it bestellen fan bedankjes, it byhâlden fan de webside, mei-organisearjen fan de slotjûn en it betinken fan leuke aksjes. De taakferdieling kan altyd wat oanpasse wurde: asto goed bist yn it iene, mar help nedich hast by it oare, dan kinne de stichtingleden dy hjir yn ûndersteune. It stichtingbestjoer bestiet út in gesellige en serieuze groep minsken: in foarsitter, in ponghâlder, in sekretaris (do dus), de haad-sponsoring en de foarsitters fan Easterwierrum, Easterlittens en Weidum.

Wolsto mei ferantwurdlik wêze foar it organisearjen fan de leukste wike fan it jier foar 650 basisskoalle bern fan de gemientes Súdwest, Ljouwert en Waadhoeke? Of wolst earst mear witte? Stjoer dan in mail nei ynfo@spulwike.frl of skilje/app mei Marlou de Jong: 06-12393993.

Fakature: Koördinator en leden Mediateam
Stichting Spulwike Littenseradiel
De leukste berne-aktiviteitenwike fan Fryslân is op syk nei in nije Koördinator en leden fan it Mediateam! Bisto enthousiast, kinst goed yn in team wurkje, bist kreatyf, hast humor, kinst Frysk en Nederlânsk (sprekke en skriuwe) en bist op de hichte fan de ûntwikkelingen op sosjale media? Wy sykje in kommunikaasjespesjalist dy’t Spulwike úndersteune kin mei: It meitsjen fan posts, foto’s en filmkes foar en yn de Spulwike, foar op ús Social media, webside, kranten en mear! Liket it dy wat? Dan sykje wy dy!

Wat hâldt it yn?
Om Spulwike mooglik te meitsjen begjinne we al yn jannewaris mei de tariedingen. Derneist draaie ús social media kanalen it hiele jier troch, der binne genôch moaie saken te melden oer en fanút Spulwike. Do bist ferantwurdelik foar it meitinken en meitsje fan berjochten op Social Media, kranten, tv en ús webside. Hjirby is it belangryk datst yn staat bist om de júste doelgroep oan te sprekken. Dit giet faak yn oerlis mei de stichtingleden fan Spulwike. Bist ek mei-ferantwurdelik foar de einredaksje fan de Spulwikekrante dy’t nei de wike útkomt. Wurkest tegearre mei de stichting leden, de bestjoeren fan de doarpen en natuurlijk it mediateam sels. De bestjoeren en lieders fan Spulwike wurkje elts jier hurd om in fantastyske wike foar de bern te organisearjen yn Easterwierrum, Easterlittens en Weidum.

Dus: wolsto mei ferantwurdlik wêze foar it organisearjen fan de leukste berne-aktiviteitenwike foar san 650 basisskoallebern fan de gemientes Súdwest, Ljouwert en Waadhoeke? Of wolst mear witte? Stjoer dan in mail nei ynfo@spulwike.frl of skilje/app mei Marlou de Jong: 06-12393993.

Vacature: Bestuursfunctie – Secretaris Stichting Spulwike Littenseradiel
De leukste kinderactiviteitenweek van Friesland is op zoek naar een nieuwe secretaris. Vind jij het leuk om van alles te regelen? Wil je het eerste aanspreekpunt zijn voor ouders, scholen en eindverantwoordelijk zijn voor de communicatie via Social Media, website, kranten en televisie? Dan zoeken wij jou!

Wat houdt het in?
Jouw belangrijkste taak is ervoor te zorgen dat de kinderen zich aanmelden voor Spulwike. Jij maakt de uitnodigingsbrieven die op de basisscholen worden verspreid, je houdt de aanmeldingen bij en als Spulwike begint, zorg je voor een goede overdracht naar de dorpen. Ook kun je vragen van ouders krijgen. Het meeste werk zit in de voorbereiding, maar in de Spulwike zelf is er ook nog genoeg te doen: Denk hierbij aan het bijhouden van social media en de website, fotograferen, etc. Je bent ook verantwoordelijk voor de eindredactie van de enige echte Spulwikekrant die na de tijd uitkomt.

In de stichting zijn verschillende grote en kleine taken die het bestuur met elkaar oppakt. Denk aan het bijhouden van de website, mede organiseren van de slotavond en het bedenken van leuke social media-acties. De taakverdeling kan altijd wat aangepast worden: Wanneer jij goed bent in het één, maar hulp nodig hebt bij het ander, dan kunnen de overige stichting leden je hierin ondersteunen. Het stichtingsbestuur bestaat uit een gezellige en serieuze groep mensen. Een voorzitter, een penningmeester, een secretaris (jij dus), een hoofd-sponsoring en de voorzitters van Oosterwierum, Oosterlittens en Weidum.

Wil jij medeverantwoordelijk zijn voor het organiseren van de leukste week van het jaar voor zo’n 650 basisschool kinderen van de gemeentes Súdwest, Leeuwarden en Waadhoeke? Of wil je meer weten? Stuur dan een e-mail naar ynfo@spulwike.frl of bel/app met Marlou de Jong: 06-12393993.

Vacature: Coördinator en leden Mediateam – Stichting Spulwike Littenseradiel
De leukste kinderactiviteitenweek van Littenseradiel is op zoek naar een nieuwe coördinator en leden fan het mediateam! Ben jij enthousiast, kun je goed in een team werken, ben je creatief, heb je humor, kun je Fries en Nederlands (spreken en schrijven) én ben je op de hoogte van de ontwikkelingen op sociale media? Wij zoeken een communicatiespecialist die Spulwike kan ondersteunen met: het creëeren van posts, foto’s en filmpjes voor en tijdens de Spulwike, voor op onze social media, website, kranten en meer! Lijkt het je wat? Dan zoeken we jou!

Wat houdt het in?
Om Spulwike mogelijk te maken beginnen we al in januari met de voorbereidingen. Daarnaast draaien onze social media kanalen het hele jaar door, er zijn genoeg mooie dingen te melden over en vanuit Spulwike. Je bent verantwoordelijk voor het meedenken en creëeren van berichten op Social media, kranten, tv en onze website. Hierbij is het belangrijk dat je in staat bent om de juiste doelgroep aan te spreken. Dit gaat vaak in overleg met de stichtingleden van Spulwike. Ook ben je medeverantwoordelijk voor de eindredactie van de Spulwikekrant die na de Spulwike uitkomt. Je werkt samen met de leden van de stichting, de besturen van de dorpen en natuurlijk het mediateam zelf. De besturen en leiders van Spulwike bestaan uit een diverse groep jongeren die met elkaar een fantastische week voor de kinderen organiseren in Oosterwierrum, Oosterlittens en Weidum.

Dus: wil jij medeverantwoordelijk zijn voor het organiseren van de leukste kinderactiviteitenweek voor zo’n 650 basisschoolkinderen van de gemeentes Súdwest, Leeuwarden en Waadhoeke? Of wil je meer weten? Stuur dan een e-mail naar ynfo@spulwike.frl of bel/app met Marlou de Jong 06-12393993.

Marlou de Jong • 22 november 2020


Previous Post

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
YouTube
YouTube
Instagram