Spulwike

Wurd ek Freon fan Spulwike!

Jansien Kamstra is berne mei Spulwikebloed. Earst die sy mei as bern en letter waart hja liedster, haadliedster en foarsitter fan de Spulwike. Har hantekening stiet ûnder de statuten fan it opsetten fan de Stichting Spulwike om’t hja foarsitter fan de Spulwike wie doe’t de kultuerried fan de Gemeente Littenseradiel, wêrûnder de Spulwike yn it ferline foel, opheven waart.

Wêrom Jansien stiper fan de Spulwike is?

Jansien wol graach dat de Spulwike ek nog bestiit at hja self beppe is sadat se har passy foar de Spulwike oan har eigen bernsbern oerdrage kin. Neist dat Jansien freon fan de Spulwike is, is se nog altiid belutsen by de Spulwike. Sa is se hast elk jier foks yn Easterwierrum en helpt by de Spultsjes tiidens de foksejacht. Yn 2015 naam Jansien plak yn in kommisje fan de Spulwike dy’t de oanrin nei en de gefolgen fan de weriendieling fan de Gemeente Littenseradiel foar de Spulwike ûndersocht hat. Doe’t dizze kommisje harren wurk klear hie hat Jansien it felbegearde Spulwike-Kettinkje útrikt kriegen foar al har wurk foar de Spulwike.

Omt Jansien har eigen bern ek meidogge oan de Spulwike kin se fansels pas fanôf de twadde wike fan de simmerfakânsje op fakânsje. Dat wie wol oars doe’t Jansien krekt stoppe wie as foarsitter; hja koe net thús sitte wylst der Spulwike yn Littenseradiel wie, it gemis wie te grut en Jansien gie just yn de earste wike fan de simmerfakânsje op de flecht… De Spulwike is altiid oanwêzich by Jansien thús yn de foarm fan de bedankjes lykas kessenhoezen, mokken en toskeboarsels. En sa kin it net oars dan dat ek Jansien har beide bern wier Spulwike-bloed yn harren ierren streamen ha!

admin • 2 september 2018


Previous Post

Next Post

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
YouTube
YouTube
Instagram