Spulwike

📢 OPJEFTE = IEPEN 📢

Fan no ôf oan kinne de bern wer opjûn wurde foar in nije Spulwike! 🙌🏽

Sjoch foar de opjeftelink op www.spulwike.frl/opjaan.

Op de side fynst ek de flyer mei ynformaasje oer Spulwike. 📄

Lês en folgje it stappenplan op de opjaan-side goed troch!

De opjefte bliuwt iepen oant en mei 12 juny! 🔔

Wês der snel by! 😁

⚠️ As in groep of lokaasje fol sit, wurdt dit yn it systeem oanjûn as útferkocht. Yn dat gefal kinne jo in e-mail stjoere nei ynfo@spulwike.frl; jo bern wurdt dan op de reservelist pleatst.

Hawwe jo fragen? Nim dan kontakt mei ús op fia ynfo@spulwike.frl.

Ponghalder • 2 juni 2026


Previous Post

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
YouTube
YouTube
Instagram