Skiednis
Sûnt 1972 fynt, yn de earste wike fan de basisskoalle fakânsje, yn de gemeente Littenseradiel de Spulwike plak. Opset yn de gemiente Baarderadiel foar bern wêrfan de âlders gjin fakânsje betelje koene mar troch de jierren hinne útgroeit ta in prachtige wike foar alle basisskoallebern út de gemeente Littenseradiel (oft hja no wol of net op fakânsje geane). Jierliks dogge der hast 650 bern mei oan de Spulwike, dit betsjut dat 60-70% fan de doelgroep meidocht oan de Spulwike, yn fergelyking mei oare simmerkampen/spikerdoarpen in hiel grut oantal!
De Spulwike wurdt yn syn gehiel organiseare troch frijwilligers; direkt binne der by de Spulwike 125 lieders belutsen. Dit binne jongerein tusken de 18 en 35 út of rûnom de gemeente Littenseradiel en Fryslân dyt ferantwurdlik binne foar de gehiele organisaasje fan de Spulwike lykas it begelieden fan de dielnimmende bern tiidens de Spulwike. Hjirneist binne der nei skatting nog in 150-tal frijwilligers yndirekt by de Spulwike belutsen, te tinken falt bygelyks oan alle thúsbakkers fan de 2.000 pankoeken dyt der yn de Spulwike opiten wurde.
Dat de Spulwike fêstnagele sit yn de Mienskip fan de regio Littenseradiel blykt ek út it grutte oantal bedriuwen dat de Spulwike stipet. Yn in relatief lytse gemeente is de Spulwike tige wiis mei san 125 bedriuwen dy’t de Spulwike stipje. Tegeare mei de Freonen fan de Spulwike soarget sa de Mienskip der foar dat de ynlis foar de bern beheind bluiwe kin, krekt as 47 jier lyn.
Nei 47 jier kinne jo je foarstelle dat by op syn minst fjouwer generaasjes ynwenners fan Littenseradiel ‘Spulwike Bloed’ troch de ieren streamt. De lieders fan it earste oere binne no rûn de 65-jier âld, hja hawwe bern dy’t foarhinne lieder west binne of op syn minst as bern nei de Spulwike giene. Harren bern, de 3e generaasje binne de lieders fan no of koart lyn en ek hja sille it ‘Spulwike Bloed’ trochhjaan oan harren bern; de Spulwike-lieders fan de takomst.
Yn 2016 is der in prachtige film makke fan Spulwike wer hiel moai yn byld brjocht wurdt wat Spulwike is. Dit is op youtube werom te sjen fia dizze link.
Yn 2018 is de Gemeente Littenseradiel opdielt yn de gemeenten Súdwest-Fryslân, Ljouwert en de Waadhoeke. Ek kommend jier sil de Spulwike gewoan har trochgong fyne en binne neist de bern fan âld Littenseradiel ek de bern fan de nije gemienten wolkom! Op nei 100 jier Spulwike!
Jier | Fan | Oant | Tema |
2019 | 15-07-2019 | 19-07-2019 | Spulwike goes Amerika |
2018 |
23-7-2018 | 27-7-2018 | Superhelden & Stripfigueren |
2017 | 24-7-2017 | 29-7-2017 | Midsieuwen |
2016 | 18-7-2016 | 22-7-2016 | Beroppen |
2015 | 8-7-2015 | 12-7-2015 | Reizigje |
2014 | 7-7-2014 | 11-7-2014 | Bisteboel |
2013 | 8-7-2013 | 12-7-2013 | Berneprogramma |
2012 | 23-7-2012 | 27-7-2012 | Takomst |
2011 | 25-7-2011 | 29-7-2011 | Buorkerij |
2010 | 12-7-2010 | 16-7-2010 | Winter |
2009 | 6-7-2009 | 10-7-2009 | Spulwike Alarm |
2008 | 30-6-2008 | 4-7-2008 | Oertiid |
2007 | 9-7-2007 | 13-7-2007 | Mearkes |
2006 | 23-7-2006 | 27-7-2006 | Underwetterwrâld |
2005 | 25-6-2005 | 29-6-2005 | Jungle |
2004 | 12-7-2004 | 16-7-2004 | Showbizz |
2003 | 30-6-2003 | 4-7-2003 | It Fiere Easten |
2002 | 1-7-2002 | 5-7-2002 | Spulwike Karnaval |
2001 | 8-7-2001 | 13-7-2001 | De Wyldwest-wike |
2000 | 24-7-2000 | 28-7-2000 | Kommunikaasje |
1999 | 26-7-1999 | 30-7-1999 | Spulwike Tiid |
1998 | 13-7-1998 | 17-7-1998 | Fryslân |
1997 | 30-6-1997 | 4-7-1997 | Merke |
1996 | 1-7-1996 | 5-7-1996 | Bùtenlânske Wike |
1995 | 10-7-1995 | 14-7-1995 | Spulwike Space |
1994 | 25-7-1994 | 29-7-1994 | Reklame |
1993 | 26-6-1993 | 30-7-1993 | Spulwike Disney |
1992 | 13-7-1992 | 17-7-1992 | Muzyk |
1991 | 1-7-1991 | 5-7-1991 | Ferkear |
1990 | 2-7-1990 | 6-7-1990 | Beroppen |
1989 | 10-7-1989 | 14-7-1989 | Sirkus |
1988 | 25-7-1988 | 29-7-1988 | Olympyske Spelen |
1987 | 27-7-1987 | 31-7-1987 | Feest |