Spulwike

0

Fragen (FAQ)

Voor Nederlands scroll naar beneden.

Spulwike 2021 giet dit jier troch! Wy binne bliid dat we dit jier wer in Spulwike organisearje kinne. Fanwege de maatregelen tsjin Corona sil de wike der wol wat oars útsjen, mar wy hoopje mei safolle mooglik bern dit jier it Spulwikegefoel wer te belibjen. De meaststelde fragen oer de Spulwike en Coronamaatregelen stean hjirûnder:

  1. Wannear fynt Spulwike 2021 plak? Foar elk doarp ferdiele we de groep bern oer twa kear twa dagen. It is net mooglik om dizze dagen sels te kiezen. Bern wurde troch ús yndielt o.b.f. de skoalle wêr se op sitte. De dagen binne moandei 12 en tiisdei 13 july of woansdei 14 en tongersdei 15 july. Foar Easterlittens en Weidum hâld dit yn dat bern net fjouwer of fiif mar twa dagen meidogge. Derneist bliuwe de bern fan Weidum dit jier net sliepen. De yndieling wurd 4 july bekind makke op de webside, sosjale media en fia de befestigingsmail op it e-mailadres wat opjûn is by de opjefte.
  2. Wêr fynt spulwike 2021 plak? Foar groep 3&4 op it keatsfjild fan Easterwierrum, groep 5&6 op de sportfjilden yn Easterlittens en groep 7&8 op it skoppersfjild yn Weidum. De Spulwike duorret eltse dei fan 10:00-16:00 oere.
  3. Fanôf wannear en wêr kin ik opjaan? De opjefte start woansdei 16 juny om 13:00 oere fia www.spulwike.frl/opjaan en slút 30 juny. FOL = FOL. As in doarp fol sit, dan komt dit by it opjefte formulier te stean en komt de opjefte automatysk op de reservelist te stean, in definitieve befestiging fan meidwaan of reservelist komt op 4 july. As der in plakje frijkomt dan stjoere wy deroer in mailtsje nei de earstfolgjende op de list. Update: Yn oerlis mei de gemiente ha wy wat mear romte foar bern. Dat betsjut dat alle bern dy’t op de reservelist stean, meidwaan kinne.
  4. Werom hawwe wy noch gjin brief krigen? Wy komme i.f.m. Corona net lâns de skoallen mei de brieven, alles giet dit jier digitaal. Wy soargje der wol foar dat de skoallen fan ús berjocht krije oer wannear de opjefte start. Folgje ús webside, sosjale media en foeg ynfo@spulwike.frl ta oan dyn kontaktpersoanen sadat ús befestigingsmail nei opjefte net yn de spam belânt.
  5. Hoe gean jim om mei de Coronamaatregelen? Wy passe de Spulwike oan, folgjens de dan jildende Coronamaatregelen. Om it risiko te beperken is it oantal bern per dei (en per doarp) max. 100. By de “tút&derút” (park&ride) wurde de bern troch it ûntfangstkomité ophelle en nei it fjild brjocht, hjir stelle wy ek op in leuke manier koart de ferplichte Coronafragen. Âlders/Fersoargers kinne net mei it fjild op. By klachten dy’t mooglik Corona relateare binne wurde bern en lieders nei hûs stjoert en meie se nei in negatieve test wer meidwaan. Derneist freegje we elts dy’t tichtby west is om extra op te letten op eft. klachten. Derneist teste wy de lieders eltse dei en in pear dagen fan te foaren. By de spultsjes en aktiviteiten besykje wy safolle mooglik ûnderling 1,5 meter ôfstân te hâlden, dit is fansels net 100% te garanderen. Meidwaan oan Spulwike is dêrom krekt as alle eardere jierren foar sawol bern as lieders foar eigen risiko. As it hiel min waar wurd (buien of stoarm), dan moatte we helaas Spulwike foar die dei ôfsizze (wy belje âlders). It is net mooglik om mei san grutte groep bern in min waar programma (binnen) te realisearjen. Wy binne net fan sûker dus dat dogge we net as it in bytsje reint.
  6. Myn bern hat in bysûnderhyd, allergy of medisinen, sit op it spesjaal ûnderwiis of hat gjin swimdiploma. Moat ik dat by Spulwike oanjaan en is dat in belemmering om mei te dwaan? Elts is wolkom by Spulwike en ja, as it echt needsakelik is foar ús om hjir goed mei om te gean, graach oanjaan wat wy witte moatte om goed op de bern te passe. Kinst by de opjefte oanjaan wer wy om tinke moatte, wy hawwe in grutte groep ervaren lieders en soargje derfoar dat dizze op de hichte binne en rekkening hâlde mei bysûnderheden. Wy tinke graach yn mooglikhyden!
  7. Myn bern wol graach mei syn of har freon of famyljelid yn in groepke. Kin dat? Om’t der san 650 bern meidogge oan Spulwike, is it foar ús net te dwaan om hjir rekkening mei te hâlden. Yn de Spulwike meitsje in soad bern nije freonen foar it libben. Dat makket ús wike júst sa moai! Fansels kin it foar de jongste bern noch wat spannend wêze, mar ús lieders hâlde hjir rekkening mei en helpe hjir goed by!
  8. Ik bin te let mei opjaan. Kin myn bern noch meidwaan? It is foar ús it handigst ast dy foar de slútingsdatum opjoust fia it opjefteformulier. Mar it kin fansels barre datst it ferjitten bist. Gjin noad! Let op, dit jier hawwe wy i.f.m. Corona in maximum oan it oantal bern dus jou dyn bern op tiid op want FOL = FOL. As de opjeftes fol sitte dan wurdt dat oanjoen op ‘e webside en op Facebook en komme bern automatysk op de reservelist. Opjaan kin oant en mei 30 juny fia it opjefteformulier.
  9. Ik ha myn bern opjûn, mar noch gjin befestiging ûntfongen. Is de opjefte wol goed gien? Nei de opjefte sjochst yn it skerm of de opjefte goed gean is. Sjoch ek even yn de spam of by ûngewinste mail en soargje dat ynfo@spulwike.frl tafoegt is oan de list fan veilige e-mailadressen. Rûn 4 july krije alle âlders in befestigingsmail (ek foar de bern op de reservelist). Twifelst echt noch of it goed gean is, sjoch dan even hoe datst it beste kontakt mei ús sykje kinst fia de kontaktpagina.
  10. Ik wol graach meidwaan as lieder. Wêr en wannear kin ik my opjaan? Om’t in soad lieders nei ien jier lest ha fan it ‘Spulwikefirus’, wolle hja it jier dernei wer meidwaan. Dêrom kinne earst âld lieders harren oant 1 april opjaan. Dernei kinne nije lieders harren opjaan. Dit kin fia it e-mailadres fan it oanbelangjende doarp: easterwierrum@spulwike.frl, easterlittens@spulwike.frl en weidum@spulwike.frl. Let op: om as lieder mei te dwaan oan de Spulwike, moast 18 jier wêze (yn de Spulwike sels). Do hoechst net út de gemeente Littenseradiel te kommen. Ast belangstelling hast en wy sitte fol dan sette wy dy graach op de reservelist!
  11. Ik ha moaie foto’s makke wilens de Spulwike. Kinne jim dizze brûke foar de Spulwike krante of webside? Jawis! Wy ha elts jier belang by moaie foto’s fan de wike. Fynsto it leuk om dyn foto’s te dielen en om se miskyn wol werom te sjen op social media of de Spulwikekrante? Stjoer se dan troch nei ynfo@spulwike.frl û.f.f. dyn namme en yn hokker doarp datst de foto’s makke hast. Hast in protte foto’s? Brûk dan Wetransfer.com.
  12. Ik wol de Spulwike graach helpe of stipje. Hoe kin ik dat dwaan? Wy fyne it fantastysk dat der in hiel soad minsken Spulwike in waarm hert tadrage en sûnder al dizze minsken, gjin Spulwike. Jo kin ús helpe as freon, stiper en frijwilliger. Wy sykje bygelyks pannekoekbakkers, trekkerryders, foksen foar de foksejacht, schminkers en ferkearsregelaars. Hawwe jo in oar idee, wy heare it graach! Op ús kontaktpagina sjochst alle kontaktmooglikheden.

Stiet dyn fraach der net tusken? Stjoer dan in mail nei ynfo@spulwike.frl.


Meestgestelde vragen (FAQ)

Spulwike gaat door in 2021!

  1. Wanneer vindt Spulwike 2021 plaats? Voor elk dorp verdelen we de groep kinderen over twee keer twee dagen. Het is niet mogelijk om deze dagen zelf te kiezen. De kinderen worden door ons ingedeeld o.b.v. de school waar ze op zitten. De dagen zijn maandag 12 en dinsdag 13 juli of woensdag 14 en donderdag 15 juli. Voor Oosterlittens en Weidum betekent dit dat de kinderen niet vier of vijf maar twee dagen meedoen. Daarnaast blijven de kinderen van Weidum dit jaar niet slapen. De indeleing wordt 4 juli bekend gemaakt op de website, sociale media en via de bevestigingsmail op het e-mailadres wat opgegeven is bij de opgave.
  2. Waar vindt Spulwike 2021 plaats? Voor groep 3&4 op het kaatsveld van Oosterwierrum, groep 5&6 op het sportveld van Oosterlittens en groep 7&8 op het Schoppersveld in Weidum. De Spulwike is elke dag van 10:00-16:00 uur.
  3. Vanaf wanneer en waar kan ik opgeven? De opgave start woensdag 16 juni om 13:00 uur via www.spulwike.frl/opjaan en sluit 30 juni. VOL = VOL. Zodra een dorp vol zit, komt dit bij het opgaveformulier te staan en komt het kind automatisch op de reservelijst te staan. De definitieve bevestiging van het meedoen of de reservelijst komt op 4 juli. Zodra er een plekje vrijkomt dan sturen we daarover een mailtje naar de eerstvolgende op de lijst.
  4. Waarom hebben we nog geen brief ontvangen? Wij komen i.v.m. Corona niet langs de scholen met de brieven, alles gaat dit jaar digitaal. Wij zorgen er wel voor dat de scholen van ons een bericht krijgen over wanneer de opgave start. Houd onze website en social media in de gaten en voeg ynfo@spulwike.frl toe als veilige contactpersoon, zodat de bevestigingsmail na de opgave niet in de spam beland.
  5. Hoe gaan jullie om met de coronamaatregelen? Wij passen de Spulwike aan op de dan geldende Coronamaatregelen. Om het risiko te beperken is het aantal kinderen per dag (en per dorp) max. 100. Bij de “tút&derút” (park&ride) worden de kinderen door het ontvangstcomité opgehaald en naar het veld gebracht, hier stellen we ook op een leuke manier kort de verplichte Coronavragen. Ouders/verzorgers kunnen niet mee het veld op. Bij klachten die mogelijk Coronagerelateerd zijn, worden kinderen en leiders naar huis gestuurd en mogen ze na een negatieve test weer meedoen. Daarnaast vragen we altijd iedereen die dichtbij is geweest om extra op te letten op eventuele klachten. Daarnaast testen we de leiders van te voren en dagelijks. Bij de spelletjes en activiteiten proberen we zoveel mogelijk onderling 1,5 meter afstand te houden, dit is natuurlijk niet 100% te garanderen. Meedoen aan Spulwike is daarom net zoals eerdere jaren voor eigen risico. Als het heel erg slecht weer wordt (buien of storm), dan moeten we helaas Spulwike voor die dag afzeggen (wij bellen ouders). Het is niet mogelijk om met zo’n grote groep kinderen een slecht weer programma te organiseren. Wij zijn echter niet van suiker, dus dat doen we niet als het een beetje miezert.
  6. Mijn kind heeft een bijzonderheid, allergie of medicijnen, zit op het speciaal onderwijs of heeft geen zwemdiploma. Moet ik dat bij Spulwike aangeven? Elk kind mag meedoen aan Spulwike. En ja, als dit echt noodzakelijk is voor ons om te weten graag bij de opgave aangeven wat nodig is om hier mee om te gaan. Wij willen graag goed op alle kinderen passen. We hebben een grote groep ervaren leiders en zorgen ervoor dat zij op de hoogte zijn en rekening houden met bijzonderheden.
  7. Mijn kind wil graag bij zijn of haar vriendje of familielid in het groepje. Kan dat? Omdat er zo’n 650 kinderen meedoen aan Spulwike, is het voor ons niet te doen om hier rekening mee te houden. Tijdens de Spulwike maken kinderen nieuwe vrienden voor het leven. Dat maakt onze week juist zo bijzonder! Natuurlijk kan het voor de jongste kinderen soms nog wel wat spannend zijn, maar onze leiders helpen hier goed bij.
  8. Ik ben te laat met opgeven. Kan mijn kind nog meedoen? Het is voor ons het handigst als de opgaves voor de sluitingsdatum binnen zijn via het opgaveformulier. Maar het kan natuurlijk gebeuren dat je het vergeten bent. Geen nood! Let op: dit jaar hebben we i.v.m. Corona een maximum op het aantal kinderen en VOL = VOL, dus geef je kind op tijd op. Zodra de limiet bereikt is wordt dit aangegeven op de website en op Facebook en kom je automatisch op de reservelijst.
  9. Ik heb mijn kind opgegeven, maar geen bevestiging gekregen. Is de opgave goed gegaan? Na de opgave zie je in het scherm of de opgave goed gegaan is. Kijk ook even in je mailbox bij spam en ongewenste mail en zorg ervoor dat ynfo@spulwike.frl toegevoegd is aan je lijst van veilige e-mailadressen. Rond 4 july krijgen alle ouders een bevestigingsmail. Twijfel je echt of het goed gegaan is, kijk dan even hoe je het beste contact met ons op kunt nemen via de pagina “kontakt”.
  10. Ik wil graag meedoen als leider. Waar en wanneer kan ik me opgeven? Omdat veel leiders zodra ze hebben meegedaan last krijgen van het ‘Spulwikevirus’, willen zij het jaar erna weer meedoen. Oud leiders kunnen zich opgeven tot 1 april. Daarna kunnen nieuwe leiders zich opgeven. Dit kan via het e-mailadres van het desbetreffende dorp: easterwierrum@spulwike.frl, easterlittens@spulwike.frl en weidum@spulwike.frl. Let op: om als leider mee te doen aan Spulwike, moet je 18 jaar zijn (tijdens spulwike). Je hoeft niet uit de gemeente Littenseradiel te komen. Indien we vol zitten, zetten we je graag op de reservelijst.
  11. Ik heb mooie foto’s gemaakt tijdens Spulwike. Kunnen deze gebruikt worden voor de Spulwikekrant of website? Wij hebben ieder jaar belang bij mooie foto’s van de week. Vind je het leuk om je foto’s te delen en om ze misschien wel terug te zien op social media of de Spulwikekrant? Stuur ze dan door naar ynfo@spulwike.frl o.v.v. je naam en in welk dorp je de foto’s gemaakt hebt. Heb je een grote hoeveelheid foto’s? Gebruik dan Wetransfer.com.

Staat jouw vraag er niet tussen? Stuur dan een mail naar ynfo@spulwike.frl.

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
error

Wil jij op de hoogte blijven van Spulwike? Volg ons op social media :)!

YouTube
YouTube
Instagram