
Jubileum
2022 is in bysûnder jier. Dit jier fiere wy ús 50 jierrich jubileum! Dat freget fansels om ekstra feest en aktiviteiten. Lykas alle jubileumjierren ha wy dit mei alle bern tegearre fiert op de lêste dei fan de spulwike yn Wommels.
Mar dit jier hawwe wy mear yn petto. Hjirûnder mear ynfo oer de aktiviteiten en ekstra’s fan it Jubileum.
Spulwike jubileum jûn
Foar lieders en âldlieders is der fansels wer in jubileumslotjûn west! Fia ûndersteande QR-koade (rjocht de kamera op dyn mobile telefoan hjirop) komst út by de facebookgroep mei âldlieders.

Spulwike foar âlderein
Op moandei 18 july ha wy in Spulwike dei organiseare foar alle 60+-ers. Derneist binne der ferskatene aktiviteiten foar de âlderein yn Nij Stapert en Nij Dekama organiseart. Mear ynformaasje oer de Spulwike foar âlderein fynst hjir.
Alle opbringsten fan de jubileum ekstra’s wurde brûkt foar it mooglik meitsjen fan de Spulwike, foar dizze en folgjende generaasjes. As freon fan Spulwike krigest koarting op de jubileumboeken. Ûnderoan dizze pagina is de bestelling te plaatsen. Alles is yn de foarferkeap te bestellen en yn beperkte oplage beskikber.
Spulwike jubileumboek
Dit jier is der in prachtich Spulwike jubileumboek útkaam. Dit boek stiet fol ferhalen, anekdoates en moaie foto’s fan de ôfrûne 50 jier. Dizze kin net ûntbrekke yn ‘e kast fan in spulwikefanaat! It jubileumboek is yn in limitearre edysje útbrocht. De boeken binne útferkocht mar we ha in reservelist. As der genôch animo is foar in twadde druk dan nimme we kontakt op. Graag dan fia ûndersteande formulier bestelle (dan komst automatysk op ‘e reservelist).
Spulwike jubileumbierke
In jubileum freget fansels om in spesjaal jubileumbierke. Dizze binne per 3 of per 6 te bestellen fia ús bestelformulier (ûnderoan dizze pagina).
Spulwike berneboek
De bern hawwe it boek oan it ein fan Spulwike krigen as ferrassing. Foar elts is it boek no te besteljen. Dit kleurrike boek is skreaun foar bern dy’t meidogge, foar bern dy’t meidien hawwe, foar lieders fan doe en no en foar elkenien dy’t it Spulwike kompleks hat!
Bestelle kin hjirûnder fia it bestelformulier:
Slagget besteljen fia it formulier net? Stjoer dan in mailtsje mei de boppesteande gegevens nei: ponghalder@spulwike.frl.