
Media
De Spulwikekrante komt elts jier út as spesjale útjefte fan “Op ‘e Skille“, de krante dy’t ferskynt yn ‘e Greidhoeke (regio Littenseradiel). De krante wurdt elts jier gearstelt troch de sekretaris en oare frijwillichers fan Spulwike. Kinst hjirûnder de Spulwikekrante digitaal nochris neilêze.
Fynsto it moai om foto’s te meitsjen en/of kinst leuk Frysk skriuwe? Dan binne wy op syk nei dy! Foar takom jier sykje wy noch minsken foar it mediateam die’t helpe wolle om foto’s en filmkes te meitsjen fan de Spulwike. De foto’s komme op dizze webside en wurde brûkt yn de Spulwikekrante. Ek sykje we noch minsken die’t stikjes skriuwe wolle foar de krante. It hoecht gjin heechdrafende tekst te wêzen en ek it Frysk wurdt neisjoen. Wolst ús helpe? Stjoer in berjochtje nei: ynfo@spulwike.frl
Fakature-Coordinator-en-leden-mediateam-2022
Hoe is de krante ûntstean?
Yn 2003 wie der samar in Media Team: Tsjerk Bottema, Tjerk Kooistra, Wybo Smids en Klaas Greidanus hawwe ferskatene jierren by de doarpen lâns west mei in karavan fol computers, printers en kamera’s. Yn 2005 hawwe se harren lêste krante makke en alles oerdroegen oan de stifting sindsdien is de Sekretaris ferantwurdelik foar it gearstellen fan de krante.