Spulwike

0

Freonen oan it wurd

Freonen fan de Spulwike fertelle wat hja mei de Spulwike ha en werom’t jo Freon fan de Spulwike wurde moatte:


Sytse Haima

Doe’t Sytse frege waard om efkes wat oer himsels en oer de Spulwike te fertellen koe dat fansels altyd. Sytse is de dreechste net dus hy stie wol iepen foar in petear. Sytse kaam pas yn it petear der efter dat hy in hiele protte mei Spulwike te krijen hân hat en eins no noch hieltyd dingen foar Spulwike docht.

Doe’t Spulwike yn 1972 oprjochte waard wie Sytse ien fan de earste bern dy’t meidie oan dizze prachtige wike. Dit wie yn Jorwert en dit wie de start fan in lange Spulwikekarriêre. De tiid doe’t der meidie as bern wit Sytse net in protte mear fan, mar as lieder koe der gau wat moaie mominten opnimme. As lieder wie der ûnder oare tegearre mei syn FUC (Sytse’s eardere Rockband) maat Daan Span yn Littens aktyf. Hy hat wat jierren in groepke hân mar Sytse mocht ek graach iten sierde en fansels muzyk meitsje. Sa hat Sytse ek Spulwike nûmers yn songen mei ûnder oare doarpsgenoat Pier Koopmans dy’t in pear jier ferlyn op cd útkaam binne.

Doe’t Sytse net mear meidie as lieder of as in oare funksje wie it de lieding dy’t sliepen kaam by him yn de tún, nammentlik by it Mantgumer húske. Dêrneist rûn der de wol bekende optochten mei in gitaar en spile der op mienskiplike jûnen mei ûnder oare Pigmeat en fansels de band wêr’t wy him no fan kinne “De Suskes”.

Doe’t wy fregen oft Sytse dus ek freon wurde woe hie der de 25 euro al yn de hannen. Tsja ek Sytse hat it wol bekende “Spulwike firus” yn him en dêr komme je nea wer fan ôf.  Dizze man dy’t fêst noch wolris op it poadium te sjen is mei in Spulwikefeest binne wy dan ek hiel tankber, om’t je mei minsken sa as Sytse de Spulwike noch jierren draaiende hâlde kinne.


Jansien Kamstra is berne mei Spulwikebloed. Earst die sy mei as bern en letter waart hja liedster, haadliedster en foarsitter fan de Spulwike. Har hantekening stiet ûnder de statuten fan it opsetten fan de Stichting Spulwike om’t hja foarsitter fan de Spulwike wie doe’t de kultuerried fan de Gemeente Littenseradiel, wêrûnder de Spulwike yn it ferline foel, opheven waart.

Wêrom Jansien stiper fan de Spulwike is?

Jansien wol graach dat de Spulwike ek nog bestiit at hja self beppe is sadat se har passy foar de Spulwike oan har eigen bernsbern oerdrage kin. Neist dat Jansien freon fan de Spulwike is, is se nog altiid belutsen by de Spulwike. Sa is se hast elk jier foks yn Easterwierrum en helpt by de Spultsjes tiidens de foksejacht. Yn 2015 naam Jansien plak yn in kommisje fan de Spulwike dy’t de oanrin nei en de gefolgen fan de weriendieling fan de Gemeente Littenseradiel foar de Spulwike ûndersocht hat. Doe’t dizze kommisje harren wurk klear hie hat Jansien it felbegearde Spulwike-Kettinkje útrikt kriegen foar al har wurk foar de Spulwike. 

Omt Jansien har eigen bern ek meidogge oan de Spulwike kin se fansels pas fanôf de twadde wike fan de simmerfakânsje op fakânsje. Dat wie wol oars doe’t Jansien krekt stoppe wie as foarsitter; hja koe net thús sitte wylst der Spulwike yn Littenseradiel wie, it gemis wie te grut en Jansien gie just yn de earste wike fan de simmerfakânsje op de flecht… De Spulwike is altiid oanwêzich by Jansien thús yn de foarm fan de bedankjes lykas kessenhoezen, mokken en toskeboarsels. En sa kin it net oars dan dat ek Jansien har beide bern wier Spulwike-bloed yn harren ierren streamen ha!


Troubadoer en singer-songwriter Piter Wilkens draagt de Freonen fan de Spulwike in waarm hert ta. Werom’t jo freon fan de Spulwike wurde moatte? Wilkens seit it sa:

weromsjen kinne op in moaie tiid mei-inoar is fan wearde foar de takomst’.

Nei 45 jier sjoche in hiel protte minsken werom op in moaie Spulwike-tiid mei-inoar, dat gunne jo de bern fan de takomst dochs ek?


Nynke as bern yn de Spulwike

Sjongeres Nynke Laverman komt út Weidum en hat as bern altiid meidien oan de Spulwike. Al wie it betiiden letterlik ‘want je moest van je moe, naar de Spulwike toe’, Nynke sjocht sa werom op de Spulwike:

“Flink útraze, ouwehoere, nije freonen meitsje en even hielendal los; dat is wat ik my herinnerje fan Spulwike… en dat gun ik elk bern!”

Grts,
Nynke Laverman


Troubadour Jan Nota oan it wurd:
Sa, ik bin ek freon fan Spulwike en dêr bin ik grutsk op! Fanút Wûnseradiel (Tsjerkwert) hiene wy hielendal gjin weet fan ‘Spulwike’, dat koene wy net. Ea waard ik ris freeche foar in optreden yn Bears foar de startjûn fan de Spulwike, yntusken hie ik alris wat ferhalen heart, mar it bleau my noch like ûndúdelik.

Doe gie op in dei de tillefoan, Adrie Bootsma, as ik ek neist har as mikrofoanman fungearje woe. Doe bin ik earst marris del west om útlis. No dat moast ik marris besykje tocht ik. Ik wit noch goed de earste liedersgearkomst. Holle Bolle Tsjing, en doe gie elkenien yniens meidwaan, dit doocht net tocht ik, wat in idioaten, skamme my dea…

Nei it alderearste optreden die earste moandeis wie ik om, Wat in FEEST! Ik wie hielendal út de skroeven en dat waard in baas wike. Ik bin gek op teater en muzyk en wat foar podium is der dan moaier as 4 dagen in folle tribune mei bern dy’t mei gean yn it ferhaal, dy’t mei sjonge, dy’t ûnder de ferfe pankoeken ite en der ek fansels mei smite… Magysk! Sa ’n feest winskje jo els bern ta, elkenien gelyk, elkenien wolkom, elkenien makket feest.

Hjirom bin ik freon fan Spulwike wurden!

Ik wit noch dat ik sjonge moast yn Mantgum by it keatsen, de sneon te middeis nei de Spulwike, mar myn hiele stim wie fuort, kapot raast… Lokkich genôch wie der in soad begrip foar dizze situaasje omdat de minsken der mei bekint wiene. It libbet al generaasjes, dat kin net fan it ien op it oare jier stopje, moat net mâler.

Ta einbeslút, ik ha der in protte fan leart as ‘lieder’ en ik ha in protte leuke nije minsken kinnen leart. Foardiel, no mei de weryndieling kin myn eigen trije bern aanst ek meidwaan HOLLE BOLLE TSJING!!!

Dus gewoan efkes lid wurde!!!

Jan Nota



Littenseradieler Syb van der Ploeg is ek freon wurden fan Spulwike! Neffens him is Spulwike “in unyk konsept”. Wistesto dat Syb op ús 30-jierrich jubileum sels foar de bern songen hat en op in plysjemotor siet?



Johanneke Liemburg, 
boargemaster fan de eardere Gemeente Littenseradiel, wie de alderearste freon fan de Spulwike! Ek frou Liemburg sjocht it belang yn fan it bestean fan de Spulwike. “It is bêst dreech om yn feroarjende omstannichheden in evenemint as de Spulwike, dêr’t safolle lytse, grutte en hiele grutte bern wille oan belibje, oerein te hâlden. Om de organisaasje te helpen, wurd ik dêrom Freon fan de Spulwike.”

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
YouTube
YouTube
Instagram