Spulwike

0

Skiednis

Sûnt 1972 fynt, yn de earste wike fan de basisskoalle fakânsje, yn de gemeente Littenseradiel de Spulwike plak. Opset yn de gemeente Baarderadiel foar bern wêrfan de âlders gjin fakânsje betelje koene mar troch de jierren hinne útgroeit ta in prachtige wike foar alle basisskoallebern út de gemeente Littenseradiel (oft hja no wol of net op fakânsje geane). Jierliks dogge der rom 650 bern mei oan de Spulwike, dit betsjut dat ûngefear 70% fan de bern út de regio meidocht oan de Spulwike, yn fergelyking mei oare simmerkampen/spulwiken is dat in hiel grut oantal!

De Spulwike wurdt yn syn gehiel organiseare troch frijwilligers; direkt binne der by de Spulwike rom 125 lieders belutsen. Dit binne jongerein tusken de 18 en 35 út of rûnom de gemeente Littenseradiel en Fryslân dy’t ferantwurdlik binne foar de gehiele organisaasje fan de Spulwike lykas it begelieden fan de dielnimmende bern tiidens de Spulwike. Hjirneist binne der nei skatting nog in 150-tal frijwilligers yndirekt by de Spulwike belutsen, te tinken falt bygelyks oan alle thúsbakkers fan de 2.000 pankoeken dyt der yn de Spulwike opiten wurde.

Dat de Spulwike fêstnagele sit yn de Mienskip fan de regio Littenseradiel blykt ek út it grutte oantal bedriuwen dat de Spulwike stipet. Yn in relatief lytse gemeente is de Spulwike tige wiis mei rom 125 bedriuwen dy’t de Spulwike stipje. Tegeare mei de Freonen fan de Spulwike soarget de mienskip der sa foar dat de ynlis fan de bern beheind bliuwe kin, krekt as yn 1972.

Nei san 50 jier kinne jo je foarstelle dat by op syn minst fjouwer generaasjes ynwenners fan Littenseradiel ‘Spulwike Bloed’ troch de ieren streamt. De lieders fan it earste oere binne no rûn de 65-jier âld, hja hawwe bern dy’t foarhinne lieder west binne of op syn minst as bern nei de Spulwike giene. Harren bern, de 3e generaasje binne de lieders fan no of koart lyn en ek hja sille it ‘Spulwike Bloed’ trochhjaan oan harren bern; de Spulwike-lieders fan de takomst.

Yn 2016 is der in prachtige film makke fan Spulwike wer hiel moai yn byld brjocht wurdt wat Spulwike is. Dit is op youtube werom te sjen fia dizze link.

Yn 2018 is de Gemeente Littenseradiel opdielt yn de gemeenten Súdwest-Fryslân, Ljouwert en de Waadhoeke. Ek de kommende jierren sil de Spulwike gewoan har trochgong fyne en binne neist de bern fan âld Littenseradiel ek de bern fan de nije gemeenten wolkom! Op nei 100 jier Spulwike!

Jier Fan Oant Tema Jubileum
2022 18-7-2022 22-7-2022 Unbewenne eilân 50 jier
2021 12-7-2021 15-7-2021 Olympyske Spulwike
2020 6-7-2020 10-7-2020 Digitale Spulwike*
2019 15-7-2019 19-7-2019 Spulwike goes Amerika
2018 23-7-2018 27-7-2018 Superhelden & Stripfigueren
2017 24-7-2017 29-7-2017 Midsieuwen 45 jier
2016 18-7-2016 22-7-2016 Beroppen
2015 8-7-2015 12-7-2015 Reizigje
2014 7-7-2014 11-7-2014 Bisteboel
2013 8-7-2013 12-7-2013 Berneprogramma
2012 23-7-2012 27-7-2012 Takomst 40 jier
2011 25-7-2011 29-7-2011 Buorkerij
2010 12-7-2010 16-7-2010 Winter
2009 6-7-2009 10-7-2009 Spulwike Alarm
2008 30-6-2008 4-7-2008 Oertiid
2007 9-7-2007 13-7-2007 Mearkes 35 jier
2006 23-7-2006 27-7-2006 Underwetterwrâld
2005 25-6-2005 29-6-2005 Jungle
2004 12-7-2004 16-7-2004 Showbizz
2003 30-6-2003 4-7-2003 It Fiere Easten
2002 1-7-2002 5-7-2002 Spulwike Karnaval 30 jier
2001 8-7-2001 13-7-2001 De Wyldwest-wike
2000 24-7-2000 28-7-2000 Kommunikaasje
1999 26-7-1999 30-7-1999 Spulwike Tiid
1998 13-7-1998 17-7-1998 Fryslân
1997 30-6-1997 4-7-1997 Merke 25 jier
1996 1-7-1996 5-7-1996 Bùtenlânske Wike
1995 10-7-1995 14-7-1995 Spulwike Space
1994 25-7-1994 29-7-1994 Reklame
1993 26-6-1993 30-7-1993 Spulwike Disney
1992 13-7-1992 17-7-1992 Muzyk 20 jier
1991 1-7-1991 5-7-1991 Ferkear
1990 2-7-1990 6-7-1990 Beroppen
1989 10-7-1989 14-7-1989 Sirkus
1988 25-7-1988 29-7-1988 Olympyske Spelen
1987 27-7-1987 31-7-1987 Feest 15

*yn ferbân mei corona gjin ofisjele Spulwike yn 2020.

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
YouTube
YouTube
Instagram