It Spulwike boek
2022 wie in bysûnder jier. Dat jier fierden wy ús 50-jierrich jubileum!
Dat frege fansels om wat ekstra’s: It Spulwike Boek!
Dit kleurrike boek is skreaun foar bern dy’t meidogge, foar bern dy’t meidien hawwe, foar lieders fan doe en no en foar elkenien dy’t it Spulwike-gefoel kin!
Alle opbringsten fan de ekstra’s fan it berneboek wurde brûkt om de Spulwike mooglik te meitsjen, foar dizze én takomstige generaasjes. As freon fan Spulwike krijst koarting op de jubileumboeken.
Ûnderoan dizze side kinst dyn bestelling pleatse. Alles is yn ’e foarferkeap te bestellen en is yn beheinde oplage beskikber.
Aksje foar Spulwike-freonen
Foar alle Spulwike-freonen hawwe wy in moaie aksje: sy krije € 2,50 koarting op harren bestelling.
It boek kin ek opstjoerd wurde. De ferstjoerkosten binne € 5,95.
It boek ophelje kin tidens de Spulwike. Jou yn it formulier oan yn hokker doarp oftst it boek ophelje wolst.

Bestelle kin hjirûnder fia it bestelformulier:
Slagget besteljen fia it formulier net? Stjoer dan in mailtsje mei de boppesteande gegevens nei: ponghalder@spulwike.frl.