0
Media
De Spulwikekrante komt elts jier út as spesjale útjefte fan “Op ‘e Skille“, de krante dy’t ferskynt yn ‘e Greidhoeke (regio Littenseradiel). De krante wurdt elts jier gearstelt troch de sekretaris en oare frijwillichers fan Spulwike. Kinst hjirûnder de Spulwikekrante digitaal nochris neilêze.
Hoe is de krante ûntstean?
Yn 2003 wie der samar in Media Team: Tsjerk Bottema, Tjerk Kooistra, Wybo Smids en Klaas Greidanus hawwe ferskatene jierren by de doarpen lâns west mei in karavan fol computers, printers en kamera’s. Yn 2005 hawwe se harren lêste krante makke en alles oerdroegen oan de stifting. Sûnt doe is de sekretaris fan de stifting ferantwurdelik foar it gearstellen fan de krante.