Spulwike 2026: As ik letter grut bin!
HOLLE BOLLE TSJING! ![]()
No’t de simmer noch fier fuort liket en de gefoelstemperatuer de ôfrûne wiken om it friespunt hinne skommelt, binne wy achter de skermen alwer drok dwaande mei de tariedingen foar Spulwike 2026! ![]()
Ôfrûne freed binne de doarpen foar it earst wer by elkoar kaam om te fergaderjen oer it tema fan dit jier. Dat is wurden… ![]()
![]()
![]()
AS IK LETTER GRUT BIN ![]()
![]()
![]()
![]()
Dreamsto derfan om brânwacht, plysje, boer of dokter te wurden? Of miskien wol in echte filmstjer yn Hollywood! ![]()
Alles kin dizze Spulwike — it wurdt wer in wike fol fantasij, wille en aventoer!
Tegearre mei jim wolle wy der wer in moaie Spulwike edysje fan meitsje! Wy ha der yn elts gefal in hiel soad nocht oan! ![]()
![]()
Spulwike is dit jier — sa as gewoanlik — yn de earste wike fan de simmerfakânsje: fan 6 oant en mei 10 july. Set ‘m yn de aginda, want dit wolst net misse! ![]()
Ynkoarten mear ynformaasje. ![]()