Spulwike

0

Jubileum Berneboek

  • Gemiente Baarderadiel betocht de spultsjewike
  • Spulwike starte yn 1972
  • Jorwert wie it álderearste Spulwikedoarp
  • Gemiente Littenseradiel wie lang de haadgemiente, …no binne dat gemienten Ljouwert en Súdwest-Fryslân
  • Twa dagen lang boartsje groep 3 en 4 yn Easterwierrum
  • Easterlittens is fjouwer dagen it doarp foar groep 5 en 6
  • Yn Weidum bliuwe de bern fan groep 7 en 8 fiif dagen en se sliepe dêr ek noch!
  • Elts jier dogge der sa’n 650 bern mei, …mar ek 125 lieders en 150 frijwilligers
  • Der wurde wol 2000 pankoeken bakt
  • Sawat eltsenien is heas nei in wike Spulwike, dat komt om`t elts hiel lûd dizze ferskes meisjongt:

Oeral dêr`t we binne

No is de Spulwike foarby

Mem har Kaai

Holle Bolle Tsjing

En daar gaat ie dan weer

20 jier Spulwike

Want it is feest

Spulwike Kompleks

Spulwike Diarree

Spulwike 15 jier

Roeken bedankt

Op it Fytske

Alle muzyk fynst hjirre!

Wat yn de simmer fan 1972 op in fjildsje yn Jorwert begûn as in wike mei aktiviteiten en spultsjes foar bern fan âlders dy’t gjin fakânsje betelje koene, bestiet hast fyftich jier letter, nei twa gemientlike weryndielings (yn 1984 en yn 2018) noch hieltyd, en is útgroeid ta in wike dêr’t alle jierren sa’n 650 bern oan meidogge. Mei “basiskampeminten” yn de doarpen Easterwierrum, Easterlittens en Weidum, en aktiviteiten yn de doarpen dêr om hinne, yn wat oant 2018 de gemiente Littenseradiel wie. Yn dy fyftich jier is der in soad feroare, mar wat altyd itselde bleaun is, is de wille dy’t de bern en de lieding fan de Spulwike mei elkoar belibje.

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
YouTube
YouTube
Instagram