Spulwike

0

Oer Spulwike

Spulwike is in fakansjekamp foar bern ùt groep 3 oant en mei 8 fan de basisskoallen. De earste edysje fan spulwike fûn plak yn it jier 1972 mei as doel om bern fan de basisksoallen út Littenseradiel (doe nog Baarderadiel en Hennaarderardiel) die’t net op fakansje koene in leuke wike te besoargjen. Hjoed de dei is spulwike in kamp foar eltsenien dy’t nocht hat oan in machtige wike!

Spulwike fynt plak yn de earste wike fan de skoallefakansje. San 650 bern ùt de gemeente Littenseradiel en omstreken krije in machtige wike mei spultsjes, sport, verfje, barchje, ensfh. De bern ùt ferskatene klassen fan de basisskoallen wurde ferdield oer 3 doarpen: groep 3 en 4 gean nei Easterwierrum, groep 5 en 6 nei Easterlittens en groep 7 en 8 nei Weidum.

De bern wurde de earste dei per doarp ferdield oer groepkes. Dizze groepkes bestean ùt bern en 1,2 of 3 lieders. De lieders binne frijwilligers mei de âldens fan 16 oant en mei 30+. De organisaasje per doarp is yn hannen fan in haadlieding. It oerkoepelende orgaan fan de spulwike is it stiftingbestjoer, dat har dwaande hâld mei spulwikebrede saken. Yn 2023 sil de 50e edysje fan Spulwike plakfyne.

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
error

Wil jij op de hoogte blijven van Spulwike? Volg ons op social media :)!

YouTube
YouTube
Instagram