Spulwike

Twadde brief de doar út!

Hjoed is de twadde brief de doar útgien! De twadde brief is in ferfolch op de earste brief (de flyer dy’t de bern meikrigen hawwe fan skoalle).

De twadde brief is in definitive befestiging fan opjefte. Alle bern dy’t op de reservelist stiene, hawwe wy ek noch in plakje jaan kinnen. 🥳🥳

Der binne dit jier rûn de 730 opjeftes. Wat in prachtich oantal! 🤯🤯

Spitich genôch hearre wy ek dat guon âlders de brief net ûntfongen hawwe. Dat is nûver! Doch dan foaral efkes in berjochtsje fia ynfo@spulwike.frl, want de kâns is grut dat it giet om in technyske flater oan ús kant.

De twadde brief is per doarp ek te finen op de dizze webside:

Easterwierrum: https://spulwike.frl/easterwierrum/
Easterlittens: https://spulwike.frl/easterlittens/
Weidum: https://spulwike.frl/weidum/

Wy sille sneon begjinne mei de opbou yn alle doarpen! Sadat alles klear stiet foar de safary fan nije wike 😎🦁🦓

admin • 18 juli 2024


Previous Post

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
YouTube
YouTube
Instagram