
Spulwike 50 jier!
Dit jier is in bysûnder jier en dat fiere wy mei syn allen! Spesjaal foar it jubileum ha wy dit jier de folgjende aktiviteiten en ekstra’s organisearre:
- In jubileumdei foar alle Spulwikebern op freed 22 july
- In gesellige Jubileumjûn foar alle lieders en âldlieders op freed 22 july yn Easterwierrum.
- In machtich Jubileumboek.
- In fantastysk Berneboek.
- En in spesjaal jubileumbierke!
Wolst in spesjaal jubileumitem bestelle? Dat kin fia de jubileumpagina. Hâld dizze en ús sosjale media yn de gaten foar nijs en updates!