Spulwike

Wolkom op de webside fan Spulwike

(Voor Nederlands scroll naar beneden)

Op dizze webside kinne jim nijsupdates en bygelyks ynformaasje fyne oer de eardere jierren fan Spulwike. Takom jier fiere wy ús jubileum. 50 jier! Mear ynfo oer ús jubileumjier fynst op ús jubileumpagina. Foar de meaststelde fragen sjoch: www.spulwike.frl/fragen.

Spulwike is in fakânsjekamp foar bern ùt groep 3 oant en mei 8 fan de basisskoalle. De earste edysje fan spulwike fûn plak yn it jier 1972 mei as doel om bern fan de basisskoallen út it gebied fan de âlde gemiente Littenseradiel (doe nog Baarderadiel en Hennaarderardiel) dy’t net op fakânsje koene in moaie wike te besoargjen. Hjoed de dei is Spulwike in kamp foar alle bern dy’t nocht hat oan in machtige wike!

Spulwike fynt plak yn de earste wike fan de skoallefakânsjes. Sa’n 650 bern ùt de gemientes Súdwest, Waadhoeke en Ljouwert (âlde gemiente Littenseradiel en omjouwing) krije in machtige wike mei spultsjes, sport, verfje, barchje, pannekoeken en mear! De bern ùt ferskatene groepen fan de basisskoalle wurde ferdield oer 3 doarpen: groep 3 en 4 gean nei Easterwierrum, groep 5 en 6 nei Easterlittens en groep 7 en 8 nei Weidum.

De bern wurde de earste dei per doarp ferdield oer groepkes. Dizze groepkes bestean ùt bern en 1, 2 of 3 lieders. De lieders binne frywilligers mei de âldens fan 18 jier oant en mei 30+. De organisaasje per doarp is yn hannen fan de haadlieding. It oerkoepelende orgaan fan de spulwike is it stiftingbestjoer, dat har dwaande hâld mei Spulwike brede saken.

Wy hawwe in soad nocht oan Spulwike 2022 en wy hoopje datsto dat ek hast!

Welmoed, Marlou, Jort, Sieger, Wouter, Remmelt, Sanne El en Pyter.

Haadlieding Stichting Spulwike Littenseradiel

Marlou de Jong • 12 mei 2019


Previous Post

Next Post

Wordpress Social Share Plugin powered by Ultimatelysocial
YouTube
YouTube
Instagram